Trochriden nei oanriding

21 des 2008 - 14:51

In automobilist (37) fan Snits is sneontenacht oanholden foar it trochriden nei in oanriding en it riden mei drank op. De man wie by in minirotonde yn de Prins Hendrikjade yn Snits tsjin de auto fan in plakgenoate (25) botst.

Hy ried troch sûnder syn identiteit bekend te meitsjen. Om't er syn kentekenplaat ferlern wie, koe de plysje him maklik fine. Hy hie te fole dronken. De auto fan de Snitser is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)