Drankrider oanholden yn Harns

© Omrop Fryslân
In automobilist (26) fan Berltsum is sneintemoarn betiid nei in wylde efterfolging steande holden yn Harns. De man waard by Mullum fan de dyk helle troch de plysje. Doe't de plysjes him kontrolearje woene joech er gas en naaide er gau út.
Nei in efterfolging troch Mullum en Harns koe de Berltsumer by de Waadpromenade opnij oanholden wurde. By kontrôle die bliken dat er tefolle dronken hie. Syn rydbewiis en auto binne yn beslach nommen.