Mei drank op achter stjoer
In 44-jierrige automobilist fan Snits is sneontejûn yn Grou oanhâlden neidat er pakt wie omdat er mei tefolle drank op efter it stjoer siet.
Boppedat die bliken dat syn rydbewiis net mear jildich wie. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.