Gearkomste Polderhoofdkanaal

© Omrop Fryslân
De ried fan Opsterlân komt moandeitejûn yn in ekstra gearkomste by elkoar om te praten oer it Polderhoofdkanaal. De fraksjes fan Opsterlanders, ChristenUnie, VVD en FNP ha om dizze gearkomste frege.
Se wolle dat it kolleezje de ried útleit hoe't it proses no krekt ferrûn is. De fraksjes wolle benammen de proseskant oan 'e oarder ha om bepale te kinnen oft de oanstjoering fan it projekt oanskerpe wurde moat.