Persoanlik rekord Sven Kramer

21 des 2008 - 11:10

Sven Kramer hat sneon by trainingswedstriden yn Thialf syn persoanlik rekord op de 3000 meter mei in pear tsienden ferbettere. De reedrider fan TVM ried op It Hearrenfean 3.41.48. Dat wie ek fuort goed foar it baanrekord. Kramer rjochtet him op it NK allround fan 27 en 28 desimber yn It Hearrenfean.

Syn persoanlike bêste tiid stie sûnt ferline jier op 3.41.67. Dy tiid ried er ek yn Thialf.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)