Lia Dekker hellet brûns

20 des 2008 - 17:57
Inge en Lia Dekker

Swimster Lia Dekker hat sneontemoarn in brûnzen medalje helle op it Nederlânsk kampioenskip koartebaan swimmen. De Drachtster waard tredde op de 200 meter skoalslach.

Ek de sechtjin-jierrige Vincent van Iperen fan Ljouwert wûn freedtemiddei brûns yn it Slotervaartbad. De swimmer út de jonges-kategory swom op de twahûndert meter wikselslach in tiid fan 2.10,22.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)