Jonges stelle 40 fytsen

Soad fytsen stellen
De plysje hat mei de oanhâlding fan fjouwer jonges fan tusken de 13 en 17 jier út Oranjewâld, Aldskoat en It Hearrenfean 40 fyts-stellerijen oplost. Tagelyk kamen 13 nammen fan mooglike helers nei foaren. De measte fytsen waarden stellen by it NS-stasjon en yn it sintrum fan It Hearrenfean.
De jonges brûkten in saneamde blanko kaai dy't paste op frouljusfytsen fan de merken Gazelle en Batavus. Der binne úteinlik mar 6 fytsen weromfûn.