A32 by Ter Idzert wer klear

20 des 2008 - 10:29

De A32 tusken Stienwyk-noard en Ter Idzert is wer hielendal iepen. Freedtemiddei wiene alle wurksumheden klear en koene alle rydbanen wer iepen. Dat is earder as Rykswettersteat ferwachte. Dy gie der fanút dat it wurk yn de rin fan dit wykein klear wêze soe.

Sûnt augustus wiene der wurksumheden oan de dyk, om't troch in kapotte fundearring oer in lingte fan 10 kilometer hobbels en spoarfoarming ûnststien wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)