ABVA/KABO staakt oerlis

ABVA/KABO staakt it oerlis oer it sosjaal plan
It fakbûn ABVA/KABO hat it oerlis oer it sosjaal plan by Philadelphia Zorg staakt. It twongen ûntslach foar hûndert wurknimmers is foar it fakbûn ûnakseptabel. Se wolle dêr net earder oer prate as Philadelphia alles docht om wurknimmers fan wurk nei wurk te begelieden.
Yn Fryslân hat Philadelphia ûnder oare ynstellingen yn Snits, Burgum en Aldeboarn. ABVA/KABO wol allinnich fierder prate as der gjin twongen ûntslaggen falle.