Frysk swimsúkses

© Omrop Fryslân
Arjen van der Meulen hat by de iepen nasjonale swimkampioenskippen koarte baan yn Amsterdam de titel pakt op de 400 meter frije slach. De Fries om utens, earder swom hy foar DZ&PC yn Drachten, komt út foar it nasjonaal swimynstitút (PSV) yn Eindhoven. Dêr wurdt hy traind troch âld-topper Marcel Wouda.
Lia Dekker fan DZ&PC waard twadde op de 100 meter frije slach. Sy moast Moniek Nijhuis foargean litte.