Wyt-Russyske bern komme dochs

19 des 2008 - 21:17

In groep fan sa'n 230 bern út Wyt-Ruslân komt mei de krystdagen dochs nei Fryslân. Earder joech it regear fan it lân gjin tastimming foar de reis. Under druk fan it Nederlânske Ministearje fan Bûtelânske Saken kaam dy tastimming der freed dochs.

De stichting dy't de bern nei Fryslân hellet is no drok dwaande om de reis te regeljen en de gastgesinnen op 'e hichte te bringen. Dy waarden earder ôfbelle fanwege it net trochgean fan de reis. De papieren binne al wol rûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)