Bob van den Enden ek yn Oranje
Nei Rein van der Kamp krijt basketbalklub Aris Friesland noch in ynternasjonal. Bob van den Enden is opnaam yn de seleksje fan it Nederlânske team.
Oranje spilet fan 22 oant en mei 30 desimber op de Amsterdam-Haarlem Basketbalweek. De 19-jierrige forward makket syn debút. De seleksje fan Van den Enden is opfallend, want by Aris spilet hy net in hiel soad.