Mear winkels yn De Centrale

© Omrop Fryslân
Op winkelpark De Centrale yn Ljouwert soene noch in Hema, in Kruidvat en in Jumbo komme moatte. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it winkelpark ûnder goed fiiftûzen minsken yn Fryslân.
Doel fan it ûndersyk wie om derachter te kommen hoe't de bewenners tinke oer it oanbod fan winkels, foar watfoar winkels se komme en wat der noch by moat. It ûndersyk waard útfierd fia ynternet. Goed 80 prosint fan de besikers is tefreden oer it winkelpark.