Molkboer Ealsum sutelet wer

Molkboer Joop_Zwaagstra fan Dokkum komt sûnt freedtemoarn wer by syn klanten del. Ferline wike freed rekke de ûndernimmer by Ealsum mei syn wein fan de dyk en bedarre yn de sleat.
De suvelwein rekke folslein fernield en giet nei de sloop. Zwaagstra mankearre neat en wie goed fersekere. Eksakt in wike en in soad geregel fierder sutelet de molkboer wer.