Sintra Jeugd en Gesin

19 des 2008 - 11:19

De provinsje Fryslân wol mei de gemeenten gearwurkje foar de ûntwikkeling fan de sintra foar Jeugd en Gesin. De provinsje hat dêr mei de measte Fryske gemeenten in konvenant foar ûndertekene.

De sintra foar Jeugd en Gesin binne de ferantwurdlikheid fan de gemeenten, mar de provinsje is ferantwurdlik foar de jeugdsoarch. De sintra binne bedoeld foar bern en âlders dy't fragen en problemen ha op it mêd fan opfieding en opgroeien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)