Jeugdketen It Bilt bliuwe

© Omrop Fryslân
De jeugdketen fan de gemeente It Bilt meie bliuwe. Tongersdeitejûn is by de gemeenteriedsgearkomste besluten dat de keten gedoogd wurde. Der komme fergunnings foar de keten en der wurde dúdlike ôfspraken makke tusken de gemeente en de jongerein.
Hjirby falt bygelyks te tinken oan de brânfeiligens, dy't goed regele wêze moat. Fierder meie de keten allinnich op in partikulier terrein stean.