Froulju Hearrenfean ferlieze

18 des 2008 - 22:50

De fuotbalsters fan SC_Hearrenfean hawwe de lêste wedstryd fan it jier ferlern fan ADO_Den_Haag. De útwedstryd einige yn 4-1. It iennichste doelpunt fan de Feansters waard makke troch Sylvia Smit.

It wie foar de froulju fan SC_Hearrenfean it tredde ferlies op in rige. Se stean yn de kompetysje no op it fyfde plak, nei Willem II, FC_Utrecht, ADO_Den_Haag en AZ.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)