Alders pakke Talant oan

18 des 2008 - 16:10

In groep âlden fan handikapten dy't ûntefreden binne oer soarchynstelling Talant wol de ynstelling fierder oanpakke. Se litte ûndersykje oft in belangryk karmerk fan Talant wol oan 'e regels foldocht. Se ha kontakt opnaam mei it ynstitút dat it karmerk ferliend hat.

De âlders ha al lang problemen mei Talant. Dat soe harren klachten net goed ôfhannelje. It karmerkynstitút ûndersiket de klachten no. Soks gebeurt hast nea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)