Herten Skylge net fongen

De herten rinne no noch frij om
It fangen fan de herten op Skylge is tydlik stilsetten troch it ministearje fan LNV. In bistedokter út Arnhem hat trije dagen op syk west nei de herten, mar hat de bisten net fûn. Der wurdt no fierder ûndersyk dien hoe't de bisten wol fongen wurde kinne.
Woansdei tsjinne in koart pleit oer de saak, om te besjen oft it net better is om de bisten gewoan rinne te litten. De herten binne troch in pear eilanners nei Skylge brocht, as grap.