Baas giet nei Het Friese Land

Ton Baas
Waarnimmend boargemaster Ton Baas fan Dongeradiel wurdt de nije foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch fan Thuiszorg Het Friese Land.
Baas wie oant ferline jier deputearre en hat ek waarnimmend boargemaster west yn Opsterlân. Neffens Het Friese Land hat er in soad ûnderfining yn bestjoerlijke funksjes en funksjes yn it bedriuwslibben. Dat komt goed fan pas no't de sûnenssoarch hieltiten saakliker wurdt, fynt de thússoarchorganisaasje.