Hynstedraverij Wolvegea ôflast

18 des 2008 - 14:57

De drafbaan fan Wolvegea hat de draverijen fan sneon ôfsein. Der binne net genôch hynders ynskreaun. De drafbaan hat it al tiden dreech en hat ek driuwend ferlet fan jild.

De tradysjonele meeting op twadde krystdei giet wol troch. Dêrfoar is wol genôch belangstelling. Op 30 desimber is der in ekstra koersdei.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)