Hegere omset foar Agrifirm

© Omrop Fryslân
De omset fan de Agrifirmgroep is de ôfrûne twa jier mei de helte omheech gien. Agrifirm is in koöperaasje fan 15.000 boeren en túnkers. De ûndernimming hat in festiging yn Drachten. En de Welkoopwinkels falle der ek ûnder. It bedriuw leveret bygelyks mingfoer en keunstdong.
De omset groeide de ôfrûne twa jier nei 900 miljoen euro. De groei komt trochdat Agrifirm folle mear klanten krigen hat. Fan 'e kredytkrisis fernimt it bedriuw net folle.