Sportprojekt kin priis winne

18 des 2008 - 12:56

It projekt Freerunne út Beetstersweach hat de Fryske foarronde wûn om de Richard Krajicek Foundation Award. Dat is in priis foar sportprojekten foar de jeugd dy't mear berikke as allinnich mar bewege.

Freerunne is op in feilige manier oer tribunes drave, salto's meitsje tsjin de muorren en oer stekjes en bankjes springe. It projekt is nominearre omdat de jeugd der sels it inisjatyf foar naam hat. De nominaasje smyt 1.000 euro op, de winst 10.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)