Startpistoal iisklub te keap

© Omrop Fryslân
Der is noch gjin keaper fûn foar it startpistoal fan de iisklup Snits. De klup wol it pistoal graach ferkeapje om't it al jierren net brûkt wurdt. De minne winters binne de oarsaak.
It pistoal leit opslein yn in klûs fan in wapenopslachbedriuw en dat kostet alle jierren fjirtich euro. De iisklup Snits moat kosten besparje. Der wurdt foar dit jier in tekoart ferwachte. Reden is dat leden har lidmaatskip opsizze om't se net ride kinne op de Snitser iisbaan