Bedriging om jildkwestje

© Omrop Fryslân
In 22-jierrige man út Makkum is woansdeitejûn troch de plysje oanhâlden op fertinking fan bedriging.
De fertochte wie om in oere as acht by it hûs fan in 41-jierrige Makkumer kommen om in rúzje om jild ôf te hanneljen. Hy drige it hús yn 'e brân te stekken as it jild net op it kleed kaam. De bewenner hat dêrop de plysje ynskeakele. Dy hat de fertochte yn syn hûs oanhâlden en foar ferhoar meinommen nei it buro.