Rappe bus nei It Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Der wurdt ûndersocht oft der in flugge busferbining komme kin fan Lelystêd, fia Emmeloard nei It Hearrenfean. Dat hat de gemeente Noardeastpolder bekendmakke.
It giet om de superbus fan Wubbo Ockels, dêr't ek yn Fryslân belangstelling foar is. De bus moat mei 250 km oer in spesjale baan mei eigen haltes ride. Noardeastpolder wol witte oft der foldwaande potinsjele reizgers binne om de kosten te dekken.