Van Winkelen offisier

17 des 2008 - 20:35

Wetterliedingman Jos van Winkelen is beneamd ta offisier yn de Orde fan Oranje Nassau. Hy krige de hege ûnderskieding fan boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert.

Van Winkelen naam woansdei ôfskied as bestjoersfoarsitter fan Vitens. Neist syn wurksumheden wie Van Winkelen aktyf yn it bestjoer fan de Alvestêdeferiening. Ek hat er him ynsetten foar skjinwetterprojekten yn Tredde Wrâldlannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)