Nije ferwaarming Kealledykje

17 des 2008 - 15:02

It swimbad Kealledykje yn Ljouwert sil it wetter op in unike manier ferwaarmje. Meikoarten sil it swimbad gebrûk meitsje fan in nije metoade om duorsume enerzjy út houtsnippers te heljen. Dit dogge sy troch de houtsnippers te kompostearjen.

It is ien fan 'e trije ynnovative projekten dy't de provinsje Fryslân yn it ramt fan wettertechnology en duorsume enerzjy stypje wol. It is noch net dúdlik wannear't de ynstallaasje der krekt komt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)