Herten Skylge noch net fongen

It is noch altyd net slaggen om de edelherten op Skylge te fangen. It ministearje fan LNV is moandei begûn mei de syktocht en oant no ta witte se mar fan fjouwer fan de tsien wêr't se binne. Dat die woansdei bliken by it koart pleit dat ien de minsken dy't de herten út set hat oanspand hie tsjin it ministearje. De rekken foar it fangen moat hy nammentlik betelje en dat wol er net.
Dy kosten kinne oprinne oant goed 7.000 euro.