TNO: Sâltwinne op Waad kin net

Sâltfabryk Frisia yn de haven fan Harns
Sâltwinning yn 'e Waadsee is net te dwaan op sa'n manier dat der ekonomyske winst út te heljen falt en der gjin skea is foar it miljeu. Dat docht bliken út ûndersyk fan TNO.
It is in tsjinslach foar de provinsje. Dy wol nammentlik dat de sâltwinning op see yn 't plak komt fan sâltwinning op de fêste wal. Sa soe nammentlik de boaiemdelgong tsjinhâlden wurde kinne. De provinsje wol dat sâltfabryk Frisia ûndersiket oft it sâlt ek op in oare wize wûn wurde kin.