Jild fuort nei ynbraak Warten

17 des 2008 - 10:08
Foto: Omrop Fryslân

By in ynbraak yn in hûs oan de Midsbuorren yn Warten is tiisdei foar tûzenen euro's stellen. De dief hat syn slach slein tusken seis en njoggen oere tiisdeitejûn.

De dieder is deryn kaam troch in rút iepen te brekken. Dêrnei binne út in brânkast in pear tûzen euro en sieraden stellen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)