Jonge Drachtster mishannele

17 des 2008 - 09:25
Foto: Omrop Fryslân

In jonge (16) fan Drachten is woansdeitejûn om healwei achten hinne yn syn wenplak fan 'e fyts lutsen en troch trije manlju skopt en slein. De mannen giene der nei de mishanneling fantroch.

By in mishanneling woansdeitenacht yn Ljouwert, binne trije manlju fan begjin 20 troch in groep fan 6 mannen bedrige. Twa fan 'e trije moasten yn it sikehûs behannele wurde oan harren ferwûnings. It ynsidint die him foar yn de Grutte Heechstrjitte.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)