Ynfiering plaknammen leit stil

De plaknammebuorden bliuwe foarearst twatalich
De gemeente Wymbrits krijt foarearst gjin Fryske_plaknammen. Op 20 maaie wie al wol in prinsipebeslút nommen, mar de ried koe it tiisdeitejûn net iens wurde oer de ynfieringsdatum.
Gemeentebelangen wol twatalich bliuwe, it FNP wol earst de boargers goed ynfoarmearje om dan yn 2010 de Fryske nammen yn te fieren en it CDA, de PvdA en de VVD wolle it beslút oer de ferkiezings hinne tille. Foar gjin inkeld útstel wie in mearderheid en sadwaande bart der foarearst neat.