Smellingerlân foar himpteelt

De measte politike partijen yn Smellingerlân binne foar it regulearjen fan de himpteelt yn dy gemeente.
It plan fan boargemaster Bert_Middel om de teelt en oanfier fan softdrugs fan de gemeente te regeljen komt dêrmei in stap tichterby. Tiisdeitejûn waard dêr ek yn in riedskommisje oer praten. Oer de rol dy't de gemeente krekt spylje moat, binne de mieningen ferdield, mar de measte partijen wolle wol begjinne mei de tariedings.