Turborotondes yn Ljouwert

Foarbyld fan yn turborontonde
De berikberens fan de stêd Ljouwert moat de kommende jierren bot ferbettere wurde. Dat is fan belang foar de fierdere ekonomyske ûntwikkeling fan de stêd. Mei rykswettersteat en de provinsje hat de gemeente neiere plannen makke.
Sa komme der takom jier 'turborotondes' yn de Heliconwei. Op it Drachtsterplein komme krusingen fan ûngelikense hichte en op it plak fan de Drachtsterbrêge komt der in akwadukt.