Designpriis foar Friezinne

© Omrop Fryslân
Nine Boersma (22) út Ljouwert hat de Philips Jongeren Designprijs 2008 wûn. Mei har ûntwerp 'parkspots' liet se har konkurrinten achter har. Parkspots binne rûne lampen yn de flierren fan parkeargaraazjes. Dy litte bestjoerders sjen wêr't noch in plakje is. De sjuery neamt it in briljant en fernijend idee.
De Philips Jongeren Designspriis waard dit jier foar de twadde kear útrikt. Jongeren fan 16 oant en mei 26 jier kinne der oan meidwaan.