Nijpels netwurker fan it jier

De netwurker fan it jier 2008
Ald-kommissaris fan de kenininginne yn Fryslân, Ed Nijpels, is netwurker fan it jier wurden. Nijpels waard troch de lêzers fan De Telegraaf en it blêd Miljonair keazen út in seleksje fan 50 persoanen. PvdA-minister Wouter Bos einige as twadde en televyzje produsint Reinout Oerlemans waard tredde.
Mei-inoar waarden der 8000 stimmen útbrocht. De útrikking fan de award wie moandei op de lêste dei fan de Miljonair Fair yn Amsterdam.