SC Hearrenfean fêst troch mist

It fleanfjild fan Eelde is sletten fanwege de mist
Supporters fan SC Hearrenfean sitte op dit stuit fanwege de tichte mist fêst op it fleanfjild Eelde. Hearrenfean moat woansdeitejûn yn it lytste stadion fan de Ingelske earedivyzje, Fratton Park, fuotbalje tsjin Portsmouth.
De fuotballers soene ek fan Eelde ôf fleane, mar sy binne yntusken ûnderweis nei Skiphol en hoopje om 15.00 de loft yn te gean. De supporters sille ek besykje om oer Skiphol nei Ingelân te gean.