J.Meeter skipper fan De Lemmer

© Omrop Fryslân
Johannes Meeter wurdt definityf de nije skipper fan it Lemster skûtsje. Hy folget dêrmei Ale Zwerver op. Dy hâlde der earder dit jier mei op.
De 37-jierrige Meeter sylde de ôfrûne twa jier mei as adviseur oan board fan it Boalserter skûtsje. Hy is de soan fan Hedzer Meeter, âld-skipper fan Earnewâld. En hy is de pakesizzer fan de âlde Loadewyk Meeter.