Bedriuw Snits oerfallen

© Omrop Fryslân
In ûnbekende man hat moandeitejûn in bedriuw yn de Kleine Kerkstraat yn Snits oerfallen. Om in oere as tsien kaam de fertochte de saak yn. Hy klom oer de baalje, bedrige de meiwurkster mei in mes en easke jild. De frou hat de oerfaller wat jild jûn, wêrnei't er útnaaide.
It is net dúdlik hoefolle jild at de man bútmakke hat. De plysje hat in ûndersyk ynsteld en ropt tsjûgen op om har te melden.