Psychiatry Snits bliuwt

16 des 2008 - 10:03

It Antonius sikehûs yn Snits sil in trochstart meitsje mei in ôfdieling psychiatry. Dat seit direkteur Van der Kam. Ein dizze wike wurdt dúdlik hoe dat der krekt út komt te sjen. In skoftsje lyn waard dúdlik dat de GGZ-Friesland klinyk yn it Antonius sikehûs mei yngong fan 1 jannewaris ticht giet.

Oarsaak is neffens de GGZ in tekoart oan psychiaters. Under it persoaniel fan de GGZ is grutte ûnrêst oer de gong fan saken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)