CDA: mei problemen nei famylje

16 des 2008 - 09:59

Minsken mei problemen yn Boarnsterhim moatte net tefolle betrouwe op helpferlieners, mar faker in berop dwaan op famylje en freonen. Dêrfoar is wol in spesjale koördinator nedich dy't minsken mei problemen op wei helpt. Dat fynt it CDA yn Boarnsterhim.

De partij wol soks tiisdei oan de oarder stelle, by de behanneling fan de startnotysje 'Jeugd en Gezin'. As famylje of freonen help biede, kin dat in soad jild skele, sa tinkt it CDA.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)