Nije brêge Heech ôfsletten

16 des 2008 - 09:40

De nagelnije brêge yn de rûnwei fan Heech is stikken. De brêge is troch noch ûnbekende oarsaak bryk komme te lizzen. Dit smyt safolle gefaar op dat de rûnwei ôfsletten is foar alle ferkear. Ek de skipfeart mei der net mear ûndertroch. Benammen foar it autoferkear smyt it in soad oerlêst op, dat moat no wer troch it sintrum.

Hoe lang de brêge net te brûken is, is net bekend. Eksperts besykje der earst achter te kommen hoe't it probleem ûntstien is en oft it oplost wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)