Spaanske ferzje 'In nije dei'

15 des 2008 - 16:02

Sjongeres Denise Rivera hat moandei yn muzyksintrim Schaaf opnames makke foar har nije fideoklip. De Ljouwerter artyste fan Boliviaanske komôf sjongt it ferske 'Estrella Fugas', de Spaanske ferzje fan 'In nije dei' fan De Kast.

Syb van der Ploeg spilet in lytse rol in de klip. Dý opnames binne ferline wike al makke. Moandei wiene der opnames fan in live optreden fan Denise mei publyk. Begjin jannewaris komt de fideoklip út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)