Soad besikers kwilt-eksposysje

15 des 2008 - 15:12

De tentoanstelling oer kwilts yn it Fries Museum yn Ljouwert hat yn de earste moanne hast 7.500 minsken lutsen. By de tentoanstelling binne sawol âlde as nije kwilts te sjen.

Nei it besjen fan de tentoanstelling kinne besikers sels oan de slach. It Fries Museum hat dêrfoar in spesjaal kwilt-kafee ynrjochte. Ek dêr wurdt neffens it museum in soad gebrûk fan makke. De tentoanstelling oer kwilts rint noch oant en mei 29 maart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)