Byienkomst op stedhûs oer brân

15 des 2008 - 10:43

Op it stedhûs fan Warkum wurdt moandeitejûn in spesjale byienkomst hâlden oer de brân yn de stêd. Dêrby kamen snein twa suskes om it libben. By de byienkomst binne neist de gemeente ek de brânwacht en de plysje oanwêzich. Elk dy't him belutsen fielt by it troffen gesin is wolkom.

Op it stedhûs leit in kondoleânse-register. Op de skoalle dêr't de twa famkes sieten is in spesjaal hoekje ynrjochte foar har. De skoalle hat noch gjin profesjonele help ynroppen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)