Ferfelende man oanholden

© Omrop Fryslân
In ynwenner (21) fan de gemeente Dongeradiel is yn de nacht nei snein oanholden op de Merk yn Dokkum. De man gedroech him op strjitte ferfelend en provosearjend. Hy wegere, nettsjinsteande ferskate fersiken fan de plysjes, fuort te gean.
De man gie troch mei narjen en waard úteinlik oanholden. Hy aksele tige tsjin by syn oanhâlding en besocht de plysjes te skoppen. Mei wat muoite koe de plysje de fertochte de boeien omdwaan en nei it buro bringe.