Oerfal op juwelier yn Ljouwert

14 des 2008 - 15:21

De plysje ûndersiket in oerfal op in juwelier oan de Nijstêd yn Ljouwert. Sneontemiddei kamen twa manlju mei maskers op de winkel yn. Ien fan de meiwurkers moast ûnder bedriging fan eat dat op in fjoerwapen like de kassa iepenje. Dat slagge lykwols net. Dêrop sloech ien fan de oerfallers in fitrine yn mei in hammer.

De oerfallers naaiden dêrnei gau út yn de rjochting fan de Harmonie. It is ûnbekend oft der wat meinaam is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)