Nije automatisearringsstrjitte

© Omrop Fryslân
Oannimmer VDM út Droegeham lûkt him neat oan fan de malêze yn de huzebou. Hy kriget in soad opdrachten en dat komt ûnder oare troch lege boukosten. Sa kin it bedriuw in starterswente mei grûn leverje foar 150.000 euro en dan is it ek noch enerzjysunich.
Om de boukosten leech te hâlden hat it bedriuw in miljoen euro ynvestearre yn in nije automatisearringsstrjitte en dy waard sneon troch boargemaster Van der Zwan fan de gemeente Achtkarspelen yn gebrûk nommen.