Bob de Vries bliuwt lieder

Bob de Vries (argyffoto fan Martin de Jong)
Bob de Vries fan De Haule waard sneontejûn twadde yn de sânde maraton om de Essent Cup. De oerwinning yn Amsterdam wie foar Sjoerd Huisman fan Andijk. Hy wie de rapste yn de masasprint. Troch syn twadde plak kaam it gouden liederspak steviger om de skouders fan Bob de Vries.
Omdat syn ploechmaten Arjan Stroetinga en Willem Hut op trainingskamp op Tenerife sieten en Bartjan van der Veen siik wie, moast Bob de Vries hast alles allinne beskreppe.